Mollema fjirde yn Switserlân

Bauke Mollema © ANP
Hurdfytser Bauke Mollema fan Ljouwert is moandei fjirde wurden yn de tredde etappe fan de Ronde fan Switserlân. Yn de etappe oer goed 200 kilometer fan de stêd Sarnen nei Heiden wie Peter Sagan út Slowakije de rapste. De Switser Michael Albasini waard yn syn eigen lân twadde. It tredde plak wie foar de Kolombiaan Sergio Luis Henao.
Tony Martin hâldt de lieding yn it klassemint nei syn oerwinning yn de tiidrit sneon. Mollema stiet fjirde op 17 sekonden.