Sinneparkplan foar Westeinde

It earste grutte sinnepanielpark yn Fryslân komt tusken Marsum en Ljouwert. Op in ôfsletten diel fan de N383 binne plannen foar in sinnepark mei 20.000 panielen. It plan is makke troch Enerzjy Koöperaasje Westeinde.
De koöperaasje wol op it stikje dyk dat troch de nije wei Heak om Ljouwert net mear brûkt wurde sil, in sinnepark fan fiif hektare meitsje. De 20.000 panielen hawwe in fermogen fan 45.000 megawatt. Tiisdeitejûn wurde de bewenners fan Westeinde ynformearre oer it plan.