WK-gekte op social media

Op de Fryske social media is de Oranjegekte ek úteinset. Sa binne der twa jonge Friezen dy't in hiel populêre Facebookside en Twitterakkount hawwe mei allerhanne Oranjegrappen. Se brûke dêrfoar de namme fan âld-fuotballer René van der Gijp.
Snackbarhâlder Menno Patat út Ljouwert docht ek syn foardiel mei it WK fuotbal. Hy foarspelt de útslaggen fan Oranje op syn Twitterakkount. By de iepeningswedstriid Nederlân-Spanje kaam syn foarsizzing fan 5-1 út.