Stichting behâld ynterieurs

De nije Stichting Ynterieurs yn Fryslân wol de kommende jierren alle histoarysk weardefolle ynterieurs yn de provinsje op in rychje sette. De stichting wol dêrfoar sa'n 7500 partikuliere wenhuzen en pleatsen ûndersykje. Foarsitter Ap Timmermans makke dat moandeitemoarn bekend op in sympoasium fan de Ottema-Kingmastichting yn De Harmonie yn Ljouwert.
Neffens Timmersmans binne histoaryske ynterieurs fûgelfrij. Eigeners fan âlde huzen en pleatsen kinne alle histoaryske ûnderdielen út 'e hûs weihelje.
De stichting hat de ôfrûne tiid njoggentich âldere wenhuzen yn Drylts ûndersocht. De resultaten binne bemoedigjend. Seis fan de tsien ûndersochte wenhuzen hie in histoarysk weardefol ynterieur. Timmermans hopet dat de ynventarisaasje derta bydraacht dat minsken harren bewust wurde fan de wearde fan in histoarysk ynterieur.