Achterfolging troch Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje koe woansdeitenacht in Ljouwerter autorider (35) pas oanhâlde nei in achterfolging troch de stêd fan it Switserswaltsje nei de Noardvlietstrjitte. De man fersette him ek dêr bot tsjin syn oanhâlding. Nei de oanhâlding die bliken dat de man in oare auto rekke hie en gjin jildich rydbewiis hie. De man wegere ek om mei te wurkjen oan in blaastest.
De man is fêstset op it plysjeburo.