Mac-Intosch nei Cambuur

Cambuur-Twente © Dijks fotografie
Sintrale ferdigener Calvin Mac-Intosch makket de oerstap nei Cambuur. De 24-jierige Amsterdammer komt transferfrij oer fan SC Telstar en tekenet in kontrakt foar ien seizoen mei in opsje foar noch in jier yn Ljouwert. Mac-Intosch hat de folsleine jeugdoplieding fan Ajax trochrûn en spile sûnt 2010 foar SC Telstar. Der wurke hy gear mei Marcel Keizer, de hjoeddeistich technysk manager fan Cambuur.