Blog: Marne College yn aksje foar it G-team fan Jeffrey

Bern fan it Marne College yn Boalsert kamen hjoed yn aksje foar it G-team fan Jeffrey. Op skoalle waarden broadsjes en iisko's ferkocht. En in pear learlingen hawwe auto's fan dosinten wosken. Der is mei de ferkeap en it autowaskjen sa'n €150,- ophelle. Moarn organisearret de skoalle noch in sponsorloop. Bern drave fan skoalle nei Hartwert en wer werom. Mei it jild kin it fuotbalteam fan Jeffrey shirts oanskaffe mei rêchnûmers. Dy ha se no noch net, mar binne wol nedich foar de Special Olympics yn juny.