Oare rûte fytsalvestêdetocht

De dielnimmers oan de fytsâlvestêdetocht moatte dit jier by Ljouwert in oare rûte folgje as oare jierren. It wurk oan de Heak om Ljouwert giet dwers troch de âlde rûte. De organisaasje is no sa te sprekken oer it nije rûntsje, dat dy nei alle gedachten definityf bliuwt.
Foar it earst geane de 15.000 fytsers dwers troch Marsum. De rûte troch Marsum betsjut wol dat der in tal ferkearsregelders fûn wurde moatte om ûngelokken foar te kommen en om elk de goeie kant op te stjoeren.
Foaral de fêste dielnimmers oan de alvestêdetocht moatte der goed om tinke. Ien ferkearde ôfslach en se sitte midden yn it wurk oan de Heak. It hat wat ekstra tiid en muoite koste, mar slim fynt de organisaasje dat achterôf net. De fytsers ha no in moaiere rûte.