Blog: Kastielfrou yn Normandië

Nei fjouwer en in heal oere reizgjen binne we oankommen yn Brix, Normandië. Karin Twijnstra en Frans Tijssen ha hjir Chateau le Val, in moai lyts kastieltsje by it plakje Brix, dêr't se plak ha foar 25 gasten. Njonken ús is der jûn in groep Britske hurdfytsers. We wurde hertlik ûntfongen en skowe oan by it jûnsiten. We meitsje it jûn net te let, moarn prate we fierder mei Karin en Frans.