Drachtster Boys gjin kampioen

De froulju fan DFT Drachtster Boys binne der freed definityf net yn slagge om kampioen sealfuotbal te wurden. Se ferlearen yn de neikompetysje mei 3-4 fan OS Lusitanos út Amsterdam. By rêst wie it 0-1. Flak nei rêst kaam Drachten op 1-1. Dêrnei kaam Lusitanos mei 1-3 foar. Drachtster Boys koe noch oan 3-3 werom komme. Uteinlik scoorden de Amsterdammers de 3-4.
Op 11 april hienen de Drachtster froulju al streekrjocht kampioen wurde kinnen, mar se ferlearen doe de krúsjale wedstriid en dêrom moast neikompetysje de beslissing bringe.