Frysk Museumplein yn Grou

Der komt in spesjale eksposysje fan 50 Fryske musea yn it Aquaverium by Grou. De musea presintearje har op it saneamde Museumplein. Sa kinne toeristen dizze simmer op ien plak alle ynformaasje krije oer wat der yn de provinsje te sjen en te dwaan is. Fierder wurde der museumrûtes útsetten, wêrûnder spesjale senioarerûtes foar elektryske fytsen en skootmobyls. It giet om in inisjatyf fan Klaas Jansma fan PENN Communicatie. It Museumplein wurdt op 15 maaie offisjeel iepene en duorret oant 31 oktober.