Aksje Help Talent slacht oan

'Help Talent' yn aksje tsjin jeugdwurkleazens © Gemeente Ljouwert
De ôftraap fan de kampanje 'Help Talent' tsjin jeugdwurkleazens hat al in soad reaksjes opsmiten. Allinnich by de gemeente Ljouwert ha har al acht bedriuwen melden, dy 't in fakatuere foar in jongere ha.
By Omrin rûn it tiisdei telefoanysk stoarm. It bedriuw makke moandei bekend fjouwer wurkplakken foar jongeren frij te hawwen. Help Talent is in inisjatyf fan gemeenten, ROC's en UWV en moat Fryske bedriuwen der ta oansette om mei elkoar 650 wurkleaze jongeren in baan te jaan. Der binne yn Fryslân goed fjouwertûzen jonge minsken sûnder wurk