Brânstichter Drachten bekent

© Nico Feenstra/Kappers Media
De 25-jierrige man út Drachten dy't oanhâlden is op fertinking fan tsientallen brânstiftingen, hat bekend dat er in grut tal brannen oanstutsen hat. Hy is ûnder oare ferantwurdlik foar de brân wêrby't in kemper ferlern gie en it fjoer oersloech nei it hûs dêrnjonken. De sydgevel fan dat hûs hie grutte skea.
De fertochte hat ek in brân feroarsake dêr't in garaazje en in auto by ferlern gien binne. Fierders bekende er ek in grut tal kontenerbrannen. De man sit fêst en wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris.