Kollumerlân betellet it bêst

Kollumerlân skoart yn Fryslân it bêste as it giet om it beteljen fan rekkens. Yn in ûndersyk yn opdracht fan MKB-Nederlân stiet de gemeente op it tolfde plak. In hiel soad gemeenten betelje de rekkens oan bedriuwen net binnen de wetlike termyn fan tritich dagen. Dat slagget Kollumerlân wol yn njoggen fan de tsien gefallen.
Twa jier lyn hat MKB-Nederlân ek sa'n ûndersyk dien. Doe stie Kollumerlân noch op it 138ste plak. Opsterlân skoart fan alle ûndersochte Fryske gemeenten it minst. Meiïoar steane der tolve Fryske gemeenten by de earste 100.
De fraksje fan OpsterLanders hat yntusken fragen steld oer it feit dat de gemeente syn rekkens sa let betellet. OpsterLanders wol fan it kolleezje witte hoe't dat kin en wat der oan dien wurdt.