Doar iepen mei smartphone

Ynbraken by thússoarchkliïnten fia kaaikastjes binne mooglik foarby. Thuiszorg Zuidwest-Friesland docht in proef wêrby't de doarren iepenmakke wurde mei help fan in smartphone. It eksperimint rint no fjouwer wike en der dogge fyftjin kliïnten oan mei. De test duorret noch in moanne. Dêrnei beslút de thússoarchorganisaasje oft se op it systeem oerstappe.
De thússoarchmeiwurkers brûke no noch kaaien út kastjes bûtendoar. Dieven brekke dy kastjes ek iepen, de ôfrûne jierren sawat twahûndert kear.