Wetter yn nije slûs Starum

De slûs © Omrop Fryslân, Eduard Rekker
De Twadde Johan Frisoslûs yn Starum rint freed wer fol mei wetter. De ôfrûne tiid is manmachtich wurke om de nije wetterkearing op 'e tiid klear te krijen. Freedtemiddei krije minsken noch ien kear de kâns om op de boaiem fan de slûs te rinnen. Dêrnei giet de pomp iepen. It duorret sawat tolve oeren oant de slûs fol mei wetter stiet.
De offisjele iepening fan de nije ferbining tusken it Johan Frisokanaal en de Iselmar is op 8 maaie. De útwreiding fan de slûs makket diel út fan it Fryske Marreprojekt fan de Provinsje Fryslân.