Ljouwerter bedriget frou

© ANP XTRA
In 28-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanhâlden foar bedriging. Hy soe in 20-jierrige stedsgenoate yn har eigen hûs bedrige hawwe mei in mes en in stroomstjitwapen. De man woe boppedat net út it hûs fan de frou weigean. De frou gie doe sels mar nei bûten ta. De plysje trof har oan op de Aggemastate yn de wyk Camminghabuorren.
De man is oanhâlden yn de wente. Hy hie it mes yn 'e bûse. It stroomstjitwapen lei yn it hûs. Beide wapens binne yn beslach naam. De man is meinaam nei it plysjeburo foar ferhear.