Wüst: 'Geweldig dat het lukt'

Ireen Wüst wie nei ôfrin fan har gouden race op de 3 kilometer ferromme mei de winst. 'Wat een race', jubele de mearfâldich Olympysk kampioene. De druk wie ôfgryslik heech, liet Wüst witte. 'Het hele seizoen voel ik me al goed, maar dit is toch het moment dat je het eruit wilt laten komen. Geweldig dat het is gelukt.'
It is de tredde gouden plak foar Wüst, dy't earder al Olympysk goud pakte op de 3 kilometer op de Spelen yn Turijn (2006) en de 1500 meter yn Vancouver (2010).
Mei 3 gouden Olympyske medaljes komt Wüst op gelikense hichte mei Yvonne van Gennip, Marianne Timmer en Ard Schenk, dy't allegearre ek 3 gouden Olympyske plakken sammelen yn harren karriêre.