Freed earste single Iris Kroes

Iris Kroes © Omrop Fryslân
Sjongeres Iris Kroes fan Drachten komt takom wike freed mei har earste single. De winneres fan it populêre tillevyzjeprogramma The Voice of Holland is op it stuit drok dwaande mei opnamen en optredens yn it hiele lân.
Har album wurdt letter dit foarjier ferwachte. De single komt no freed út en hjit 'Just More'.