Friezen opnaam yn baanseleksje
Baanhurdfytsers Jenning Huizenga en Wim Stroetinga binne opnaam yn 'e seleksje fan de wrâldbekerwedstriid foar London. Freed hawwe de beide bûnscoaches, Robert Slippens en René Wolf de list bekend makke. De wrâldbekerwedstriid fan London jildt as testwedstriid foar de Olympyske Spelen en wurdt ferriden fan 16 oant en mei 19 febrewaris.