Wurkstraf easke tsjin Snitser

Rjochtbank Ljouwert
De rjochtbank fan Noard-Nederlân hat moandei 200 oere wurkstraf en acht moanne selstraf ûnder betingst easke tsjin in 50-jierrige man út Snits. Ek wol it Iepenbier Ministearje dat de man him behannelje lit yn in GGZ-klinyk.
De Snitser soe fia de webcam syn spultsje sjen litten hawwe oan minderjierrigen. De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.