Be Like populêr yn Fryslân

It is no al ien fan de grutste raazjes fan 2014: de 'Be Like'-pagina's op Facebook. Ferskate doarpen, stêden of skoallen yn Fryslân dogge ek mei, bygelyks Lemsters be like, Franekers be like of NHL be like.
It doel is grappen te meitsjen dy't oer de eigen mienskip gean en dêr't de werkenberheid grut fan is. Yn Bynt op Omrop Fryslân wienen moandeitejûn ûnder oaren Tim Geilenkirchen fan de NHL en stedsdichter Henk van der Veer te gast om Be Like pagina's sjen te litten.