Brutsen noas troch klap

© ANP XTRA
In man fan 24 jier út Emmeloord is sneontenacht oanhâlden yn in hoarekasaak oan de Vleesmarkt op It Hearrenfean. Hy hie in 20-jierrige ynwenner fan Aldeboarn klappen jûn.
De twa hiene spul mei-elkoar krigen. De man út Emmeloord sloech syn slachtoffer dêrby mei de fûst yn it gesicht. Dy bruts dêrtroch de noas en moast nei de earste help. De fertochte sit fêst.