Trio oanholden foar bedriging

Plysje arrestaasje/oanhâlding © ANP XTRA
Twa manlju út Dronryp en in man út Feanwâlden binne freedtemiddei oanholden op fertinking fan bedriging. De plysje krige middeis in melding dat in bewenner út Feanwâlden oan de Tjipke Postmastrjitte bedrige wêze soe troch in man mei in pistoal.
De fertochte naaide nei de bedriging út yn in auto. Nei in koarte sykaksje fûn de plysje de auto en trof de trije manlju oan. Se binne meinaam nei it buro foar ferhear. De plysje docht noch fierder ûndersyk.