Soldaat ferkeapet wapens

De maresjesee hat in 28-jierrige soldaat út Dongeradiel oanhâlden foar ferbean wapenbesit. De plysje wie de militêr op it spoar kommen omdat er op ynternet in ferbean mes te keap oanbea. It gie om in mes yn de foarm fan in creditcard. Doe't dúdlik waard dat it om in militêr gie, is de maresjesee ynskeakele.
By it trochsykjen fan syn wenning waard in grutte samling stekwapens fûn. Tsjin de man wurdt fierder ûndersyk dien.