Polare krijt wer boeken

Polare hat te krijen mei in legere omset
Boekwinkelketen Polare, mei in festiging yn Ljouwert, krijt wer boeken fan it Centraal Boekhuis. Moandei is oerienstemming berikt oer nije leverings- en betellingsbetingsten.
De levering wie stilset fanwege in betellingsefterstân. Neffens de boekhannel hawwe klanten en útjouwers kwealik lêst hân fan it stilsetten fan de leveringen.