Flyers ûnderút tsjin Tilburg

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de Unis Flyers ha sneintemiddei mei 4-1 ferlern fan Tilburg Trappers. Op eigen iis kamen de Feansters al nei twa minuten op efterstân. Yn de twadde perioade wie it opnij rekke foar Tilburg, wêrnei't Jade Galbraith de oanslutingstreffer makke. Kevin Bruijsten hie de grutte kâns op de 2-2, mar syn skot waard keard. Tilburg stelde oarder op saken en rûn út nei 4-1.
Yn de tredde perioade slaggen de Flyers der net yn de goed keepende Nick Broadwater te passearjen. Ek Tilburg kaam net mear ta skoaren.