Fertochten oerfal tankstasjon

It tankstasjon Total yn Drachten © Google Maps
De plysje yn Drachten hat twa jonges oanholden yn ferbân mei de oerfal op tankstasjon Total oan de Eems yn Drachten ôfrûne woansdei. De fertochten binne 15 en 17 jier en komme út in lyts doarp yn de gemeente Smellingerlân.
De beide jonges bedrigen de meiwurker fan it tankstasjon mei in mes en easken jild. Se binne dêrnei mei in jildbedrach útnaaid op de fyts. De fertochten bliuwe fêstsitten yn ôfwachting fan it ûndersyk.