Fotowedstriid yn gemeente SWF

SWF © Omrop Fryslân
De gemeente Súdwest-Fryslân skriuwt in fotowedstriid út foar de nije gemeentegids. Ynwenners fan de gemeente wurde oproppen om foto's yn te stjoeren, de trije moaisten krije in plakje yn de gemeentegids en winne in jildpriis. Allinnich ynwenners fan de gemeente meie meidwaan en elk mei maksimaal twa foto's ynstjoere.
It ûnderwerp fan de foto's moat dúdlik te krijen hawwe mei de gemeente. De foto's moatte foar 24 febrewaris ynstjoerd wurde.