Postma hâldt op as trainee

Pieter-Jan Postma © Eduard Rekker, Omrop Fryslân
Siler Pieter-Jan Postma is gjin trainee mear by de provinsje Fryslân. Nei fjouwer moanne stoppet de Olympiër alwer. Postma kiest no wer foar syn sylkarriêre. Hy wol meidwaan oan de Volvo Ocean Race en oer twa jier oan 'e Olympyske Spelen yn Rio. Dat kin er net kombineare mei it traineeskip by de provinsje.
Postma wie trainee-projektlieder by it Thialfprojekt.