Fúzje fan basketbalferienings

Basketbalferienings Aris en De Groene Ster út Ljouwert sille fusearje. It definityf beslút dêroer falt ein jannewaris. Beide ferienings wurkje al langer gear, ûnder oare by de jeugd.
In stjoergroep mei seis leden hat de fúzje taret. Nei de fúzje ûntstiet in feriening mei sawat trijehûndert leden. Stjoergroeplid Theo Joosten tinkt dat in fúzje fan beide ferienings it basketbal yn Ljouwert in stap foarút helpe kin.