Pars Graanhandel kin grutter

Nôt © ANP
George Pars Graanhandel fan Sint Jabik hat it kompleks fan gemeentewurken It Bilt oernaam. It terrein, mei in kantoar en in loads derop, leit njonken dat fan de graanhannel. De oankeap is bedoeld om útwreiding yn de takomst mooglik te meitsjen en om de effisjinsje en it oansjen fan it bedriuw te ferbetterjen.
It kantoar fan gemeentewurken, mei 240 kante meter kantoarromte, wurdt de kommende moannen ferboud en yn gebrûk naam. De loads is foar it grutste part wrom ferhierd oan gemeentewurken. By Pars wurkje tolve minsken.