Diken wer asbestfrij nei brân

Undersyk nei asbest nei brân yn Voltastrjitte, Ljouwert © Omrop Fryslân, Alle Faber
Alle diken yn de omjouwing fan de Voltastrjitte yn Ljouwert dêr't freed in autobedriuw ôfbaarnde, binne sneon asbestfrij makke. Dat hat de gemeente meidield. It ferkear kin no wer oeral del. Sneon wurde noch boskjes en platte dakken skjinmakke. De rioelen krije moandei in ekstra spielbeurt om asbest dat yn rein- en bluswetter bedarre is, fuort te spielen.
By de brân is asbest frijkaam, mar dat is neffens de gemeente net fier ferspraat.