Doeksen: stipe foar LNG-motor

De Harnzer fearboatterminal fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Jan-Durk de Haan
Rederij Doeksen krijt goed 1,2 miljoen euro subsydzje fan it Waadfûns om de motor fan har frachtkatamaran miljeufreonliker te meitsjen. Mei it jild kin de rederij in LNG-ynstallaasje op de ms Noord-Nederland bouwe. Dizze gasynstallaasje is folle skjinner en suniger as de motor dy't no yn de katamaran sit.
Doeksen hopet nei de simmerfakânsje fan 2014 te begjinnen mei de ombou fan de ms Noord-Nederland. It doel is dat yn de takomst mear skippen en boaten yn it Waadgebiet op LNG farre sille.