Hofstra troch yn WK darts

Rick Hofstra út Snits hat de kwartfinale helle fan it wrâldkampioenskip darts yn Frimley Green. Yn de wedstryd fan it BDO-bûn moast syn tsjinstanner Martin Atkins opjaan mei in blessuere. Op dat stuit stie Hofstra al mei 2-0 yn sets foar.
Tongersdei moat de Snitser yn de kwartfinale darte tsjin de nûmer ien fan de pleatsingslist Stephen Bunting.