Fertochte genêsmiddelsaak frij

De 41-jierrige frou út Drachten dy't fertochte is yn in grutte groeihormoanesaak is krekt foar kryst om persoanlike redenen frijlitten. It Iepenbier Ministearje kin net sizze wat de krekte reden is. De frou bliuwt lykwols wol fertochte yn de saak.
De plysje hold yn novimber de frou en har 69-jierrige heit, in eigener fan in dieregenêsmiddelebedriuw yn Holwert, oan op fertinking fan smokkel fan in groeihormoan en bistegenêsmiddels. It Iepenbier Ministearje tinkt dat de man de grûnstoffen ûnder in falske namme ynfierd hat.