N357 by Ferwert wer iepen

De N357 tusken Ljouwert en Holwert hat tongersdeitemoarn by Ferwert inkele oeren ôfsletten west nei in ûngelok. By it ferkearsûngelok wiene neffens de plysje trije auto's belutsen. Ien persoan siet beknypt, twa oare minsken binne op it plak fan it ûngelok neisjoen yn in ambulânse. Oer de ferwûnings fan de belutsen minsken is noch neat bekend.