Botsing op N359 en yn Ferwert

Op de krusing by Wommels barre faak ûngelokken © Hendrik Jellema
Twa auto's binne sneontemoarn op de Westergoawei by de ôfslach Wommels mei inoar yn botsing kaam. Dat wie op de N359 rjochting Ljouwert. Ien persoan rekke dêrby ferwûne. De dyk wie tydlik ôfsletten en it ferkear is omlaat. Yn Ferwert botste in motor sneontemoarn tsjin in auto op de N357 op de krusing fan de Ljouwerterdyk en De Stelling. De motorrider rûn letsel op oan de holle. Hy is nei it sikehûs brocht foar ûndersyk. De automobilist hie allinnich blikskea.