Pranger-Rosier yn de prizen

Website Pranger-Rosier © Omrop Fryslân
Ynstallaasjeburo Pranger-Rosier út Dokkum is troch it tillevyzjeprogramma De Succesfactor fan RTL7 útroppen ta it meast suksesfolle bedriuw yn de ynstallaasjesektor. Yn it sjueryrapport wurdt it bedriuw priizge om syn brede tsjinstepakket, goede advys en heechweardige produkten.
Ein jannewaris makket de tillevyzjestjoerder de úteinlike winner fan alle brânzjes bekend.