Animo foar besetting stimburo

Gemeente Menameradiel
Der is flinke belangstelling foar in sit op in stimburo yn de gemeente Menameradiel. De gemeente hat sa'n tweintich minsken nedich, dy't op syn minst in deidiel op ien fan de fjirtjin stimburo's yn de gemeente sitte wolle.
Neffens de gemeente hawwe der genôch minsken reagearre om it tekoart dat der wie op te lossen. De minsken binne foar it earst nedich yn maart, der wurdt dan stimd foar de gemeenteried.