Frysk Harmonie Orkest giet los

© Oetze Deelstra
It Frysk Harmonie Orkest jout op 12 jannewaris syn earste optreden. It orkest is in ferfolch op it Fries Jeugd Harmonie Orkest. Dat hâldt op te bestean, omdat de organisaasje der achter oer giet op losse projekten. Protesten dêr tsjin smieten neat op.
By it earste optreden wurdt ûnder oare in seleksje út de Fjoerfûgel fan Stravinsky brocht. It Frysk Harmonie Orkest sjocht himsels as in fjoerfûgel dy't út de jiske wei ta nij libben komt.