Minder boaten nei Flylân

De fearboat fan rederij Doeksen nei Flylân © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Rederij Doeksen past moandei de fartsjinst fan en nei Flylân oan yn ferbân mei de stoarm dy't letter op de dei foarsein wurdt. De tsjinst fan Harns nei Flylân fan 17.15 oere komt te ferfallen, lykas de boat fan Skylge nei Flylân fan 18.10 oere en de tsjinst fan Flylân nei Harns fan 18.50 oere.
Doeksen set in ferfangende tsjinst yn. Om 16.00 oere fart der in boat fan Flylân nei Harns. En om 17.30 oere is der in boat fan Harns nei it eilân.