Revâns SC Hearrenfean op AZ

Sportklup Hearrenfean hat mei in klinkende 5-1 oerwinning yn Alkmaar op AZ it bekerferlies fan ôfrûne woansdei rjochtsetten. Bilal Basacikoglu iepene de skoare foar de Feansters, Hakim Ziyech ferdûbele de marzje mei in prachtgoal: 0-2. Nei de tsjingoal fan Aron Jóhannsson strafte Luciano Slagveer krekt foar it skoft in blunder fan AZ-oanfierder Maarten Martens ôf.
Yn de twadde helte soargen Alfred Finnbogason (syn 17e) en opnij Ziyech foar de einstân. Hearrenfean giet de winterstop yn mei 29 punten út 18 wedstriden.