Gaston Sporre hâldt op

Gaston Sporre
Ynterim-direkteur Gaston Sporre hâldt op by Sportklup Hearrenfean. Mei de presintaasje, letter tongersdeitemiddei, fan in nij bestjoer fynt Sporre dat syn taak derop sit. De taken fan de ried fan kommissarissen wurde ek oernaam troch dat nije bestjoer.
Neffens Sporre en de ried fan kommissarissen is it spitich dat der reboelje is tusken de ûndernimmingsried en it stiftingsbestjoer fan de fuotbalklup oer de beneaming fan it nije bestjoer. Sa litte se witte yn in parseberjocht.