Ungelok op N357 by Hallum

By Hallum binne tongersdeitemoarn twa minsken ferwûne rekke. Op de trochgeande dyk nei Ljouwert-Holwert by it doarp wie in botsing tusken twa auto's. Ien fan beide slachtoffers is út foarsoarch troch de brânwacht út de auto helle.
It is noch net bekend hoe't it ûngelok krekt bard is. It ferkear op de dyk moast in skoftlang rekken hâlde mei fertraging.