Foar ôfsjitten ferwyldere kat

Op it ôfsjitten fan ferwyldere katten mei gjin ferbod komme. Dat fynt in mearderheid fan Provinsjale Steaten. Deputearre Johannes Kramer hat de opdracht krigen om der by it kabinet op oan te trunen dat ferbod fan tafel te krijen. It kabinet hat noch gjin beslút nommen, mar wol it ôfsjitten fan de ferwyldere katten ferbiede.
CDA, FNP en VVD yn de steaten sizze dat dêrtroch de populaasje fan greidefûgels bot weromrinne sil. Se krigen stipe fan de measte oare partijen, útsein de SP, GrienLinks en de PVV.