Fúzje yn jeugdsoarch

Het Poortje yn Grins © Google Street View
Soarchynstellings Het Poortje en Elker sille fan 1 jannewaris ôf fusearje. Beide ynstellings biede soarch oan bern, jongerein en húshâldings yn Noard-Nederlân. Doel fan de fúzje is om in bettere oansluting te finen tusken soarchtrajekten yn de sletten en iepen jeugdsoarch. Beide ynstellings hâlde harren eigen namme.