Skâns: woansdei mear bekend
De gemeente Opsterlân sil woansdei mear dúdlikheid jaan oer kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk. De Skâns is yn novimber fallyt gien en de gemeente beriedt him no oer in nij bestjoer foar De Skâns. Op dit stuit is De Skâns noch gewoan iepen en fernimme besikers neat fan it fallisemint.
De gemeente hat ek plannen foar in nij kultureel sintrum yn de nije Boargemaster Harmsmaskoalle. Dizze planne rinne no fertraging op. De gemeente wol noch foar de ferkiezings fan 19 maart in foarstel útwurkje oer in 'nije Skâns'.