SC Hearrenfean sa goed as fit
Sportklup Hearrenfean kin oer in sa goed as fitte seleksje beskikkke foar de twastriid tsjin AZ. Allinnich bankspilers Nwofor, Fazli en Marzo binne net fit. Woansdeitejûn spilet Hearrenfean in KNVB-bekerwedstriid yn Alkmaar, sneon yn de 18e kompetysjewedstriid is AZ wer de tsjinstanner. Yn de kompetysje is it gat tusken de beide ploegen mar twa punten yn it foardiel fan de Feansters.
Trainer Marco van Basten hâldt mei alles rekken. Hy hat mei syn ploech ek oefene op de strafskoppen.