Juffen wer nei skoalle

Alle juffen fan pjutteboartersplakken yn de gemeente Súdwest-Fryslân gean opnij nei skoalle. Se moatte yn de takomst oan de slach mei it edukative programma Uk en Puk.
Bern leare sa al boartsjendewei ûnder oare taal en rekkenjen. De pjutten wurde sa better taret op de basisskoalle.